Open bloementuin in Ried

[Ontvangen via: Groei & Bloei Franeker]

Rie, Readskonktún ‘Blomt’

Iepen tún (en iepen hûs)

Op 20 en 21, 27 en 28 augustus fan 13.00 oant 17.00 oere.
Lêste kear iepen tún, want ús hûs stiet te keap. Yn ferbân dêrmei ek iepen hûs.

‘Readskonk’ is de Fryske namme foar de ‘Persicaria‘ (Duizendknoop). De plant dy’t bloeit fan july oant en mei septimber.
Persicaria’s yn alle maten en kleuren binne rûnom yn de tún kombinearre mei oare planten.
Spesjaal is ek it Plantenammeperk. Dêryn steane de meast foarkommende túnplanten, mei de Fryske en de wittenskiplike en de Nederlânske namme.
De tún fan 1770 m2 leit oan de râne fan it doarp.

Berltsumerdyk 4, 8811 HR Rie. Till: 0517-269555.
Oare dagen of tiden op ôfspraak fia e-mail: bmiedema@xs4all.nl.

19. augustus 2011 by trochsetter
Categories: Tuinieren | Tags: , , , | Leave a comment

Leave a Reply

Required fields are marked *

*